Fal troch lûk nei ynbraak

24 jan 2012 - 11:02
Ynbraak - Foto: Omrop Fryslân

In ynbraak yn har hûs hat foar in 83-jierrige frou út Mildaam noch in raar sturtsje krigen. De ynbrekkers hiene in lûk nei de kelder iepen stean litten. Doe't de frou thús kaam foel se troch it lûk nei ûnderen. Se rekke net slim ferwûne.

It is net bekend wat der krekt stellen is.

Trefwurden: 
lûk Mildaam
(Advertinsje)
(Advertinsje)