Jildproblemen St. Leergeld

24 jan 2012 - 10:56

Bern fan âlden mei in ynkommen op it bystânsnivo, driigje yn de problemen te kommen. Se kinne mooglik fan juny ôf gjin berop mear dwaan op in finansjele fergoeding fan de stichting Leergeld yn Fryslân. De organisaasje mei fêstigingsplakken yn Ljouwert, Snits, Drachten en It Hearrenfean hat dan gjin jild mear yn kas.

No is it noch sa dat de stichting Leergeld byspringt as bern fan earme âlden in kompjûter of fyts nedich ha, of dat se in lidmaatskip fan in sportferiening of muzykles betelje.

Trefwurden: 
Leergeld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)