Dief pakt mei help Burgernet

Burgernet © Omrop Fryslân
De plysje yn Grins hat moandei in 21-jierrige man oanhâlden dy't op 13 jannewaris jild stellen hie by in winkel oan de Houtduif yn Dokkum. De man dy in greep yn de kassa en naaide út. In klant besocht noch om de man te pakken, mar dat slagge net.
De plysje hie wol in goed sinjalemint fan de man. Mei help fan tips fan dielnimmers oan Burgernet koe de plysje de dief moandei oanhâlde. Hy hat bekend.