Hurdrider rydbewiis kwyt

24 jan 2012 - 10:24

In 61-jierrige Drachtster moast moandei syn rydbewiis ynleverje. De man helle op de A7 fan It Hearrenfean nei Drachten mei 150 kilometer yn de oere in ûnopfallende plysje-auto yn. De plysje gie achter de man oan. De Drachtster ried úteinlik 180 kilometer.

Yn Drachten sels ried er 90 kilometer oer de Súderhegewei. De plysje sette him op de Gauke Boelensstrjitte oan de kant.

Trefwurden: 
hurdrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)