Ecomare wol minder opfang

23 jan 2012 - 22:05

Seehûneopfang Ecomare op Tessel wol ophâlde mei de opfang fan sike seehûnen. Dat seit direkteur Hurkens tsjin RTV Noard-Hollân. Neffens him is der yntusken in sterke populaasje seehûnen yn it Waadgebiet. Behanneling fan sike bisten kin neffens him it lykwicht fersteure.

Ecomare wol wol trochgean mei it opfangen fan bisten dy't troch in stoarm it paad bjuster rekke binne, of bisten dy't ferwûne binne. Ecomare hat finansjele swierrichheden troch de hege kosten fan de opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)