UWV ferhuzet earst noch net

It ferpleatsen fan 250 banen fan it UWV fan Ljouwert nei Grins is foarearst fan de baan. Meiwurkers fan it UWV hawwe tiisdei te hearren krigen dat sy yn alle gefallen oant 2018 net nei Grins hoege te ferhúzjen. It UWV is oan it reorganisearjen en wie fan doel om de banen fan Ljouwert nei Grins te ferpleatsen, mar sjocht der fanwege de hege kosten fan ôf om dat op koarte termyn te dwaan.
De gemeente Ljouwert, de provinsje Fryslân en Fryske Keamerleden hawwe earder ek fûl protestearre tsjin it ferdwinen fan de banen yn Ljouwert.
Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert is bliid dat it ferpleatsen fan de banen foarearst net trochgiet. Hy wol alles op alles sette om it UWV ek nei 2018 yn Ljouwert te hâlden.