Ferwûnen by ûngelok by Driezum

04 sep 2013 - 09:46

Op de Trekwei by Driezum binne woansdeitemoarn twa auto's op mekoar botst. Nei alle gedachten ried ien fan de bestjoerders, in man (19) út Rinsumageast, troch noch ûnbekende oarsaak foar in part op de ferkearde helte fan de smelle dyk. De bestjoerder (59) út De Trieme, botste frontaal op de tsjinlizzer. Syn auto fleach oer de fangrail en bleau flak foar it wetter hingjen. Beide bestjoerders rekken ferwûne en moasten nei it sikehûs. De helptsjinsten wienen manmachtich útrukt. De dyk wie ôfset foar ferkear. De plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
ûngelok Driezum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)