Lederied KNSB wer byelkoar

03 sep 2013 - 17:11

De lederied fan de KNSB komt tiisdeitejûn yn Utrecht wer by elkoar om te praten oer de ûntslachbrief fan foarsitter Doekle Terpstra. Hy frege syn ûntslach nei krityk fan ûnder oare reedrider Sven Kramer. Dy neamde Terpstra 'incompetent' en melde tiisdeitemiddei noch dat hy gjin eksuzes meitsje sil oan de KNSB-foarsitter.

Ferline wike kaam de lederied ek al byelkoar, doe om fan de foarsitter te hearren oer de kwestje fan de takenning fan de topsportstatus oan in iisbaan yn Nederlân, dêrby giet it tusken It Hearrenfean, Almere en Zoetermeer.

Sven Kramer sels is jûn net oanwêzich by de ekstra lederied. Hy hat syn statement makke, sa fynt er.

Trefwurden: 
KNSB Doekle Terpstra lederied
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)