Mooglik enkête oer Houkepoort

Artists' impression fan nije wenwyk de Houkepoort yn Snits
Opposysjeparty Totaal Lokaal fan Súdwest-Fryslân driget mei in parlemintêre enkête as it kolleezje fan b. en w. gjin ynsjoch jout yn in fertroulik dokumint oer de kwestje Houkepoort. Hjiryn jout de belutsen amtner eksakt oan wat er dien hat. It kolleezje wegeret, omdat it de privacy fan de amtner oantaasten wurde kin.
Totaal Lokaal fynt dat dat net it gefal is as de gemeenteried it dokumint fertroulik ynsjen kin. Sûnder dizze ynformaasje is de kontrolearejnde rol fan de ried net út te fieren, neffens Totaal Lokaal.