Wetterskip knapt 15 gemalen op

03 sep 2013 - 15:39

Wetterskip Fryslân stekt goed 3,3 miljoen euro yn it renovearjen fan 15 gemalen. De bouwurken foldogge net mear oan de wetlike feilichheidseasken. De gemalen yn Burdaard, Terkaple en Jutryp wurde ek sa ynrjochte dat fisken der aanst trochhinne kinne.

Dêrneist krije de poldergemalen by Hylpen, Yndyk en Tytsjerk in nije tagongsdyk. It wurk moat ein 2014 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)