Man oppakt foar drugshannel

Plysje-embleem © ANP
In 34-jierrige man sûnder fêst wenplak is tiisdeitemoarn oanhâlden om't hy fertocht wurdt fan drugshannel. De plysje wie fanwege in ûndersyk yn in hûs oan de Vuurdoornstrjitte yn Ljouwert. Dêr lei sa'n 30 gram oan harddrugs op in tafel.
De bewenner kaam op dat momint krekt oanrinnen en koe fuortendaliks oanhâlden wurde. De drugs binne yn beslach naam, de man sit noch fêst.