Plysje lost strjitrôf op
Mei de oanhâlding fan in 17-jierrige Ljouwerter hat de plysje in strjitrôf oplost. De jonge en in maat fan 16 jier berôven op 18 augustus in 68-jierrige frou yn De Dulf yn Ljouwert.
Se naaiden út op in fyts, mar mei help fan in tsjûge koe de plysje de 16-jierrige knaap oanhâlde. Nei ûndersyk is no ek de twadde strjitrôver oanhâlden. Se sitte beiden noch fêst.