Droechte probleem foar sport

03 sep 2013 - 12:25

Yn fjouwer Fryske gemeenten kin neffens de KNVB it kommend wykein net fuotballe wurde. It giet om Lemsterlân, Skarsterlân, Dantumadiel en Menameradiel. De fjilden binne dêr te droech om op te spyljen. Yn oare gemeenten is de droechte ek in probleem. Op in tal plakken wurdt it gers sproeid, sa as yn Rinsumageast.

Kommende tongersdei hat de KNVB wer oerlis oer de situaasje. Dan sil besjoen wurde oft spyljen op keunstgers in oplossing wêze kin of it omwikseljen fan út- en thúswedstriden.

Trefwurden: 
droechte fuotbalfjilden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)