Oanpak Europaplein útsteld

Der komt foarearst gjin nije rotonde mei fytstunnels op it Europaplein yn Ljouwert. De plannen dêrfoar binne oer de gemeenteriedsferkiezings fan kommende novimber hinne tild. De gemeenteried keas der moandeitejûn foar om nochris ûndersyk te dwaan nei de oanpassing fan it plein.
Neffens de plannen dy't der no lizze komt der in turborotonde mei minder ôfslaggen as no en fytstunnels dy't ûnder de rotonde trochgeane. Omwenners binne it net iens mei sa'n ûngelykflierse rotonde. Dat soe net by it karakter fan it Europaplein passe.
De gemeenteried slút him no yn mearderheid oan by sa'n ûndersyk. De stúdzje duorret ûngefear in healjier. Dan besjocht de gemeente opnij hoe't it komt mei it Europaplein. Net elkenien is bliid mei it beslút fan de gemeenteried. In oantal riedsleden fine dat de ried de omwenners hjirmei falske hoop jout. Der is al earder ûndersyk dien nei in gelykflierse rotonde en de útkomst fan dizze nije stúdzje sil dat nije alle gedachten opnij oantoane.