'Gaswinning Amelân yllegaal'

De gaswinning by It Amelân is yn striid mei Europeeske regels. Dat seit de steatefraksje fan Friese Koers. De fraksje wol dat de provinsje yn aksje komt tsjin de nije natuerfergunning dy't minister Kamp earder ferliende. Dy seit dat der net yn 2018, mar yn 2025 ophâlden wurdt mei de gaswinning.
Neffens Friese Koers hat dat negative gefolgen foar guon fûgels en sakket de boaiem.