NAM iepenet kantoar yn Eanjum

De NAM, de Nederlandse Aardolie Maatschappij, wol in kantoar iepenje yn Eanjum. Dat is bedoeld foar minsken dy't wurkje by gasfjilden yn de omjouwing. De NAM wol mei it kantoar better sichtber en tagonkliker wêze foar de bewenners yn it gebiet.
By in ynformaasjemiddei oer in nije gasboarring yn it gebiet waard belangstellenden frege wat se fan it plan fine. Doarpsbelang Eanjum is foarearst net negatyf oer it plan.