'Malta stiet achter Ljouwert'

In delegaasje fan it eilân Malta is yn Fryslân om de kandidatuer fan Ljouwert as kandidaat Kulturele Haadstêd fan Europa te stypjen. De stipe fan Malta is belangryk omdat Valletta, de haadstêd fan Malta, yn 2018 ek kulturele haadstêd fan Europa is. Malta stiet achter Fryslân fanwege it mienskiplike projekt 'Potatoes go wild'. Dat projekt is de keunstsinnige fariant fan de âlde jirpel-hannelsrelaasje tusken Fryslân en Malta.
It eilân Malta ymportearret al sa'n 150 jier jirpelsied en poatjirpels út Fryslân, der geane jirpels wer werom.
De Maltese delegaasje stiet ûnder lieding fan boargemaster David Schembri fan de Maltese 'jirpelhaadstêd' Qrendi. Schembri waard moandei op it Ljouwerter stedhûs offisjeel ûntfongen troch boargemaster Crone fan Ljouwert. Neffens Rudy Wester fan de Stichting Kulturele Haadstêd is Ljouwert de iennichste Nederlânske kandidaat-haadstêd dy't sa dúdlik troch Malta stipe wurdt. De Fryske kulturele partner fan Malta binne de Biltse Eerappelweken. Dy wolle yn 2018 ûnder oare in 14 kilometer lang jirpeldiner serveare op de Aldebildtdyk, de langste strjitte fan Nederlân.
Malta hat in soargelikens inisjatyf yn haadstêd Valletta. Fan de jierlikse skipsreis fan Frysk jirpelsied en poatjirpels nei Malta - en wer werom mei Malteeske jirpels - wurdt yn 2018 in kulturele fariant makke. It doel dêrby is om op ferskate oare plakken yn Europa oan te stekken en kulturele manifestaasjes te hâlden.