Knop tsjin stank waskmasines

Waskmasines hoege mei tank oan in Snitser útfining ynkoarten net mear te stjonken. Snitser Theo Brens hat in spesjale knop betocht dy't oanjout wannear't de masine skjinmakke wurde moat. Nije masines brûke minder wetter en kinne op legere temperatueren goed waskje. Dertroch ûntstean baktearjes dy't soargje foar stank.
No't fabrikanten hieltyd faker te krijen ha mei stikkene masines en klachten oer stank wolle se de nije technyk graach brûke.
Brens is al jierren dwaande de problemen ûnder de oandacht te bringen by de grutte fabrikanten. Dy woene earder net lústerje.