Stellerij rubberboat mislearre

Plysje-embleem © ANP
In 48-jierrige man út Ljouwerter is sneintenacht op it Suderplein yn syn wenplak oanholden. Hy wurdt derfan fertocht dat er in rubberboat stelle woe by in hûs oan de Romkesleane. Bewenners waarden wekker fan it leven. Mei mearder minsken is besocht de dief te betraapjen, mar úteinlik hat de plysje de man op it Suderplein oppakt. De man hie it stek by it hús platlutsen en de trailer al in ein fan it plak lutsen.
Omdat dy mei in kabel fêstsiet, slagge it net om de boat te stellen. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.