KH2018: 'earste yndruk goed'

02 sep 2013 - 13:52

Deputearre Jannewietske de Vries en Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert binne tefreden oer it ferrin fan de sjuerybesite moandeitemoarn foar de Kulturele Haadstêd. 'De sjuery hat in goed sin en se krije in goeie earste yndruk'. Der hat al in byienkomst west mei it bedriuwslibben en yn it Frysk Museum binne 35 projekten presentearre. Dit binne de projekten dy't útfierd wurde as Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa wurdt.

Foardat de sjuery it museum yngie wie der in ferrassingsoptreden fan sjonger Albert Bonnema op it Saailân.

Moandeitemiddei sil de sjuery mei in helikopter omheech om de provinsje fanút de loft te besjen. Freed wurdt bekend hokker stêd úteinlik Kulturele Haadstêd yn 2018 wurdt: Eindhoven, Maastricht of Ljouwert. De sjueryleden dy't har moandei ferdjippen yn de plannen fan Ljouwert binne Sir Jeremy Isaacs út it Feriene Keninkryk, Jordi Pardo Rodriguez út Spanje, Dingeman Kuilman út Brabân en Friezinne-om-utens Nynke Stellingsma út Grins. Se sille harren ûnderfinings letter dizze wike diele mei de 9 oare sjueryleden. Tiisdei bringt deselde delegaasje in besite oan Eindhoven en woansdei oan Maastricht.

Trefwurden: 
Ljouwert KH2018
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)