Rekôr foar Mariska Kramer

02 sep 2013 - 07:26

Mariska Kramer fan Drachten hat yn Tilburg har persoanlike toptiid op de 10 kilometer mei in heale minút ferbettere, dy stiet no op 33 minuten en 56 sekonden. Yn de ynternasjonale wedstriid wie se mei dy tiid ek de beste Nederlânske atlete. Neffens Kramer is it in fijn gefoel dat de foarm der oan komt, benammen mei it each op it NK-maraton dat oer seis wike hâlden wurdt yn Eindhoven.

De wedstriid yn Tilburg waard mei oermacht wûn troch wrâldkampioene Tirunesh Dibaba. Se makke der in folsleine solo-race fan, mar rûn krekt gjin wrâldrekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)