Wagenaar de bêste yn Reahûs

01 sep 2013 - 18:38

Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hawwe de frije formaasje keatspartij yn Reahûs snein wûn. Yn de finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-2 Nynke Sijbrandij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij de baas.

De lytse preemje wie foar Nicole Hempenius, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga, dy't yn de heale finale mei 5-2 en 6-6 útskeakele waarden troch Wagenaar-en-dy.

Trefwurden: 
keatsen Reahûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)