Folle bak by Hallumer cross

01 sep 2013 - 17:45

Mear as 4000 besikers kamen sneon ôf op de jubileum autocross yn Hallum. De Hallumer Auto Cross bestiet dit jier 50 jier en dêrom wiene der ekstra aktiviteiten, lykas in optocht troch de buorren en in reüny. Mar it draaide om de autocross.

Goed 200 dielnimmers kamen oan de start yn ferskillende klassen, wêr ûnder ek in Europeesk Kampioenskip Stockcar. Grutte winner yn dy kategory waard Marten Bijlsma fan Sint Anne.

Trefwurden: 
Hallum jubileum autocross
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)