Drokke Uitmarkt yn Ljouwert

01 sep 2013 - 15:57

De Uitmarkt yn Ljouwert hat snein tûzenen minsken lutsen. Yn en om de Prinsetún presentearen tal fan kulturele ynstellings har aktiviteiten foar it kommende seizoen. Ek wie der in spesjaal poadium dêr't te sjen wie hokker aktiviteiten plakfine sille yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd.

Foarôfgeand oan de Uitmarkt wie der in parade. Dêr koe elk sjen litte wat se kommend seizoen te bieden ha. De organisaasje is tige tefreden en sprekt fan in grut sukses.

Trefwurden: 
Ljouwert Uitmarkt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)