Maklike ambulânse yn gebrûk

De brankaar fan de ambulânse past net yn de helikopter © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ambulancezorg Fryslân hat sneon yn Ljouwert in nije ambulânse yn gebrûk nommen. It is de earste ambulânse yn Fryslân mei in automatysk brankaar-systeem. Dat betsjut dat it ambulânse-personiel minder fysike krêft hoecht te brûken om de brankaar yn en út de auto te krijen.
De ambulânse is boud troch Visser Carrosseriebouw út Ljouwert.