Man mei taser en boksbeugel

01 sep 2013 - 12:58

In 22-jierrige Ljouwerter is sneintemoarn yn de Winterakoniet yn syn wenplak oanhâlden, omdat hy in taser en in boksbeugel by him hie. De plysje kaam ôf op de melding dat der spul yn de strjitte wie. Doe't se dêr kamen seagen se in taser by de fertochte op de grûn lizzen. Bliken die dat de man ek noch in boksbeugel by him hie.

Hy waard oanhâlden foar ferbean wapenbesit en meinommen nei it buro. De wapens binne yn beslach nommen, tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Ljouwert boksbeugel taser
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)