Auto oer de kop yn Himmelum

01 sep 2013 - 11:20
Plysje-embleem - Foto: ANP

Op de Soal yn Himmelum is sneintemoarn in auto oer de kop slein. Yn de auto sieten twa minsken en dy rekken beide licht ferwûne. De plysje fan Snits meldt dat fia Twitter.

Fan de bestjoerder wurdt in bloedproef ôfnommen. De útslach dêrfan moat útwize oft de bestjoerder ûnder ynfloed achter it stjoer siet.

Trefwurden: 
ûngelok Himmelum
(Advertinsje)
(Advertinsje)