Wassenaar wint finale Dronryp

31 aug 2013 - 18:51

De twadde edysje fan de Friesland Bank Cup keatsen yn Dronryp is sneon wûn troch Minnertsgea. Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra wiene yn de finale oppermachtich tsjin Bitgum. Johan van der Meulen, Tjisse Steenstra en Cornelis Terpstra krigen mei 5-1 en 6-2 in wan bruien.

Yn de heale finale wûn it partoer fan Wassenaar en-dy fan Sint Jabik mei Bauke Triemstra, Taeke Triemstra en Renze Pieter Hiemstra. Yn de oare heale finale wiene Van der Meulen en-dy te sterk foar Jelle Attema, Hillebrand Visser en Lennart Adema fan Makkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)