ONS Boso Snits wint

31 aug 2013 - 17:10

ONS Boso Snits hat sneon de twadde wedstriid yn 'e topklasse mei 2-1 wûn fan IJsselmeervogels. Op eigen fjild kamen de Snitsers nei in goed healoere op achterstân. ONS krige folop kânsen op de 1-1, mar de ploech fan trainer Bert Hollander hie it fizier net op skerp. Op jacht nei de lykmakker wie it rûtinier Sandor van der Heide dy't yn 'e 80ste minút de stân op likense hichte brocht. Yn ekstra tiid krige Martijn Roosenburg it publyk op 'e banken mei syn winnende treffer.

It is de earste oerwinning foar ONS Boso Snits yn de topklasse. Foarige wike ferlearen se de earste wedstriid op it heechste amateurnivo mei 3-0 by Scheveningen.

Trefwurden: 
fuotbal ONS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)