Kamminga pakt sulver op WK

Manon Kamminga © awfoto.nl
Manon Kamminga hat sneon sulver pakt op de maraton by it WK inline-skaten. Se moast inkeld de Italiaanske Francesca Lollobrigida foargean litte yn Oostende. Kamminga ferovere hjirmei har tredde Nederlânske medalje fan it toernoai. Earder pakte se sels al sulver op de 500 meter en mei de frouljusploech einige se op it tredde plak op it ûnderdiel ôflossing.