Protters smoar fan beien

31 aug 2013 - 16:46

Tsientallen protters foelen samar út 'e loft yn Aldegea Smellingerlân. It barde op it hiem fan famylje De Boer. De fûgels koene net mear op de poaten stean. De koetsebei en flearbei binne in grut gefaar foar de protters. Soms frette se der safolle fan dat se it net oerlibje. Fûgelsaakkundige Johan de Jong wit wol wêr't it oan leit. De bisten binne roppich, frette har dêrom hielendal fol en wurde sa smoar.

Trefwurden: 
Aldegea protter flearbeien
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)