Weening tekenet twa jier by

Pieter Weening © ANP
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema rydt ek de kommende twa jier foar Orica-Green Edge. De 32-jierrige Weening stiet sûnt ferline jier ûnder kontrakt by de ploech út Australië. Begjin dizze moanne skreau Weening noch de Ronde van Polen op syn namme. Hy is boppedat noch altyd de lêste Nederlanner dy't in etappe wûn yn de Tour de France en de Giro d'Italia. Tusken 1999 en 2011 stie Weening ûnder kontrakt by de ploech fan Rabobank.