Deade man yn Dokkumer Ie

© Omrop Fryslân/Aise van Beets
De deade man dy't freedtejûn yn it wetter fan de Dokkumer Ie yn Ljouwert fûn is, is net troch geweld om it libben kaam. De plysje slút nei ûndersyk in misdriuw út. Foarbygongers ûntdutsen in lichem yn it wetter fan de Ie ter hichte fan de NHL-Hegeskoalle. De plysje wit yntusken dat it giet om in ynwenner fan Ljouwert. Hoe't de man te wetter rekke is, is net dúdlik.