Pieter-Jan Postma no fjirde

30 aug 2013 - 18:46

Siler Pieter-Jan Postma is yn Tallinn yn Estlân by it wrâldkampioenskip yn de Finn klasse nei it 4e plak yn it algemien klassemint opskood. Op woansdei en tongersdei koe der net syld wurde, omdat der gjin wyn stie. Freed waarden dêrom mei kalm waar trije races syld. Postma besylde in sechde, in 23e en in earste plak.

De jonge Braziliaan Jorge Zarif is de nije lieder mei 45 punten. De Brit Edward Wright en de Frânsman Jonathan Lobert ha 64 punten, Pieter-Jan Postma 69. Sneon is de medaljerace. De bêste tsien sile dan, de punten telle dûbel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)