Sinnepanielen op mear pleatsen

30 aug 2013 - 18:14

Hieltyd mear boeren litte sinnepanielen op har dak pleatse. It bedriuw LTO Energie, ûnderdiel fan stânsorganisaasje LTO, hat de lêste oardel jier sa'n 30.000 sinnepanielen pleatst by bedriuwen yn de agraryske sektor. Oan de twadde ronde fan it sinne-enerzjyprojekt diene 19 Fryske bedriuwen mei, dy't mei-inoar in heal megawatt oan sinne-enerzjy produsearje.

De Fryske belangstelling nimt ta, want foar de tredde ronde hawwe har al 35 Fryske boerebedriuwen oanmeld. De measte boeren kinne de ynvestearring yn ûngefear seis jier weromfertsjinje.

Yn tsjinstelling ta boargers kinne boeren gjin subsydzje krije foar sinnepanielen, mar se kinne de ynvestearring wol ôflûke fan de belesting. Molkfeehâlder Miedema fan Blessum hat sûnt juny 120 sinnepanielen op syn loads. Syn earste ûnderfinings binne posityf. De panielen produsearje in soad stroom en hy hat der net folle wurk fan. Miedema tinkt dat hy de ynvestearring yn fiif jier weromfertsjinje kin. Ek fynt hy it moai dat hy no op duorsume wize syn eigen stroom produsearret.

Trefwurden: 
LTO sinnepanielen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)