'Weromkomme op wedstriid'

30 aug 2013 - 17:11

Deputearre Hans Konst hopet dat de KNSB weromkomt op de wedstriid tusken Almere, Zoetermeer en Thialf op It Hearrenfean oer de topsportstatus fan it reedrydbûn. De striid tusken Thialf en de twa oare nijbouplannen wie foaral it idee fan Terpstra, seit Konst. De provinsje is hiel benijd hoe't it komt no't Doekle Terpstra by de lederied fan de KNSB syn ûntslach yntsjinnet. Dat komt nei swiere krityk fan Sven Kramer.

Neffens it Fryske lid Johannes de Vries fan de lederied stipet in mearderheid fan de lederied Terpstra as foarsitter.

Deputearre Hans Konst giet derfan út dat Doekle Terpstra definityf opstapt.

Trefwurden: 
Hans Konst Doekle Terpstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)