Plan foar daktunen yn Ljouwert

30 aug 2013 - 14:17

In leechsteand kantoargebou yn Ljouwert wurdt brûkt om grienten yn te ferbouwen. It is in plan fan arsjitekt Hans Achterbosch. Op it gebou kinne daktunen makke wurde en binnendoar fertikale tunen, bygelyks krûdetunen dy't boppe elkoar groeie. It kin in bedriuwsmjittige grientekwekerij wurde, mar ek in soarte fan folkstunen yn de stêd.

Foar it projekt wurdt gebrûk makke fan plantekassen by it Van Hall ynstitút. Sa wurdt romte fan leechsteande gebouwen goed brûkt en komt der mear grien yn de stêd.

It projekt hyt Urban Farming en makket diel út fan de plannen foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Arsjitekt Hans Achterbosch is al yn ûnderhanneling oer in gebou, mar wol dêr noch neat oer kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)