Teaterstik yn túnboukassen

29 aug 2013 - 14:50

De kassen fan it grutste glêstúnboubedriuw fan Fryslân wurde teater. Yn de kassen fan Hartman út Seisbierrum sil it toanielstik Lost in the Greenhouse spile wurde. Yn it stik is te sjen hoe't de Poalske gastarbeiders hjir wenje en wurkje. It moat opfierd wurde yn 2018 as ûnderdiel fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Toanielgroep Orkater sil it stik meitsje yn gearwurking mei in Poalske teatergroep.

Takom wike makket de sjuery bekend oft Ljouwert Kulturele Haadstêd wurdt yn 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)