Man (27) rydt sûnder rydbewiis
In 27-jierrige man is woansdeitemiddei oanholden oan de Slauerhoffwei yn Ljouwert. De plysje krige in melding dat de man sûnder jildich rydbewiis yn syn auto ride soe. Doe't se him oanholden die yndie bliken dat syn rydbewiis ynnommen wie. De auto is yn beslach nommen.