Westra lit bloed prikke

29 aug 2013 - 14:11

Hurdfytser Lieuwe Westra hat tongersdeitemoarn út foarsoarch in besite brocht oan in sikehûs yn Spanje. Westra rydt mei yn de Ronde fan Spanje, mar fielt him de lêste dagen net fit. Yn it sikehûs waard ter kontrôle bloed prikt.

Westra sels makket him gjin soargen en hopet de kommende dagen yn de flakkere ritten fan de Vuelta wer wat op te knappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)