Brommerrider yn Sumar ûnderút

© sxc stock exchange / Philipp Mamat
In 17-jierrige brommerrider út Sumar is woansdeitemoarn op de Greate Buorren yn syn wenplak tsjin in beam botst. De jonge rekke yn 'e bocht de kontrôle oer syn brommer kwyt en gong ûnderút. Dêrby ferlear er syn helm en rûn ferwûnings oan syn holle op. De jonge is nei it sikehûs yn Drachten brocht. By it ûngelok wiene gjin oare minsken belutsen.