Hurdfytser skept yn Dokkum
In 65-jierrige hurdfytser út Garyp is woansdeitemiddei skept op de Holwerderwei yn Dokkum. De man joech gjin foarrang oan in 35-jierrige automobilist út Dokkum. De hurdfytser is mei lichte ferwûnings nei sikehûs De Sionsberg brocht. De automobilist rekke net ferwûne.