Nijbou fabryk FrieslandCampina

De lederied fan FrieslandCampina hat grien ljocht jûn foar de nijbou by it blikfabryk yn Ljouwert. Der wurdt 110 miljoen euro ynvestearre yn ferfanging en útwreiding fan de kapasiteit fan it blikfabryk. Dat is nedich om oan de groeiende fraach nei kondinsearre molke út Afrika, it Midden-Easten en Azië te foldwaan.
Tongersdei makke it suvelkonsern bekend dat de winst yn de earste seis moanne fan dit jier mei 17 persint omheech gien wie, nei 164 miljoen euro. De omset naam mei 9 persint ta, nei 5-en-in-heal miljard euro.
FrieslandCampina seit dat de omsetgroei foaral fan bûten Europa komt, sawol by babyfieding as by suveldranken. Yn Europa hie it bedriuw te krijen mei weromrinnende ferkeapen troch de ekonomyske krisis.