Ofsplitsing yn Skylger polityk

De gemeenteried fan Skylge hat der in fraksje by. It giet om Guus Schweigmann en Gossen Bos, dy út Pleatslik Belang stappe. Se bliuwe noch wol lid fan de partij, mar geane as ûnôfhinklike fraksje fierder.
Oarsaak fan it opstappen binne persoanlike problemen tusken de twa en fraksjefoarsitter Arie Doeksen. Schweigmann en Bos wolle in ledegearkomste sadat de leden fan de partij har útsprekke kinne oer de kwestje. Mar dat plan wurdt tsjinhâlden troch it bestjoer fan de partij en wethâlder Jort Spanjer fan Pleatslik Belang.
Fraksjefoarsitter Arie Doeksen woe net reageare.