Boek Vaatstra oerlange
Der moat better tocht wurde oan famylje fan slachtoffers fan in misdriuw. Dat sei minister Ivo Opstelten fan Justysje woansdei yn Den Haach by de presentaasje fan it boek oer Marianne Vaatstra. It is skreaun troch misdiedferslachjouwer Simon Vuyk fan Harns.
Bauke Vaastra, de heit fan Marianne, benadere him in pear jier lyn mei it fersyk in boek te skriuwen oer de moard op syn dochter. Yn Den Haach krige Opstelten it earste eksimplaar fan it boek út hannen fan de skriuwer.