Provinsjale Ynjebetinking

Alle lokale Ynjebetinkings moatte de hannen ynien slaan om yn de takomst ien provinsjale betinking te organisearjen. Dat sei foarsitter Jacob Reitsma fan it organisearjende komitee woansdeitejûn by de jierlikse Ynjebetinking yn Ljouwert. Foar de 21e betinking kamen sa'n 400 minsken nei it Rengerspark.
Dat wurde der hieltyd minder, konkludearret it komitee. Reden is de hege leeftyd fan de Ynje-feteranen. Ek slagget it de organisaasje net om de jongerein te ynteressearjen foar de betinking.
By de betinking wurdt alle jierren stilstien by de Fryske militêren dy't yn de perioade tusken 1945 en 1962 om it libben kamen yn Nederlânsk Ynje.