Romme winst SWZ yn KNVB beker

28 aug 2013 - 19:50

Snits Wyt Swart Boso hat woansdeitejûn de earste bekerwedstriid mei 7-2 wûn fan DFS. Yn Opheusden hiene de Snitsers in poerbêste start. Treffers fan Mark Homme van der Veen en Age Hains Boersma setten de ploech fan trainer Johan Groote op foarsprong. Nei de oanslutingstreffer fan DFS brochten Boersma en Freek de Jong de marzje nei trije.

Fuort nei rêst tekene Erolind Dergutti foar de 5-1. DFS mocht noch wat werom dwaan, mar Tjeerd Andries Andringa soarge úteinlik mei twa treffers foar de romme oerwinning.

Yn de twadde bekerronde nimt Snits Wyt Swart it op tsjin Wilhelmina '08 út Weert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)