Brân yn boulân Sint Jabik

28 aug 2013 - 19:09

In stik boulân oan de Aldebildtdyk yn Sint Jabik is woansdeitemiddei yn brân flein. It fjoer ûntstie troch in baleparse dy't yn 'e brân stie. Doe't de brânwacht by de brânende parse kaam, wie it fjoer al oerslein nei it fjild. Ferskate brânwachtkorpsen moasten der oan te pas komme om it fjoer te blussen.

Omlizzend lân waard omploege sadat it fjoer him net fierder útwreidzje koe. Yn de omjouwing wie koarte tiid in grutte reekplûm te sjen.

Trefwurden: 
Sint-Jabik brân boulân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)