Goed cranberryjier op Skylge

It is in goed jier foar de cranberry. De kâlde en wiete maaitiid is ideaal foar de cranberrys, dy't fan oarsprong út Noard-Amearika komme. Joop van Urk fan it cranberryferwurkingsbedriuw op Skylge skat yn dat der sa'n 75 ton fan it lân komt. Nije wike wurdt mei de rispinge op Skylge begûn. Dêr sille tweintich oant fiifentweintich minsken by helpe. De ferwachting is dat it rispjen 13 wiken duorret.