Aksje yn Bakkefean set troch

Bewenners fan de Nije Buorren yn Bakkefean lizze har der net by del dat in famylje út de strjitte oare wenromte krijt. De famylje soe in soad oerlêst ha fan in oar gesin yn de strjitte dat der no twa-en-in-heal jier wennet. De problemen rûnen tiisdeitejûn sa út de hân dat der nochal wat plysje der oan te pas komme moast. In grutte groep buertbewenners fine dat net de slachtoffers mar de oare famylje fuort moat. Wenningkorporaasje Elkien, de gemeente Opsterlân en de plysje oerlizze woansdeitemiddei op it gemeentehûs oer de problemen.
De buertbewenners binne net útnoege, mar binne wol fan plan om nei it gemeentehûs te gean.